Alwer in pear wike ferlyn, mar de redaksje wie net hielendal skerp, stjoerde Astrid Schram – Dijkstra dizze prachtige foto yn. Mei in prachtige útlis.
Ik rûn op 04-01-15 de Pôlle om, en seach efkes efterom doe’t ik by de fam. Sjaarda wie.. Prachtich, in heale reinbôge. Ik haw gau in foto makke mei myn Iphone. Sa’n 10 meter fierder seach ik noch in kear, en wie de reinbôge ‘kompleet’ en kaam dizze út op it dak fan de famylje Kuiper (hiel symboalysk)… Ik haw gau noch in foto makke, wat moai!! Letter thús seach ik dat de foto’s eins goed tsjin elkoar oan pasje, en haw ik se ‘plakt’ mei Photoshop. In aardich gehiel tocht ik sa 🙂 Wat wenje we hjir moai!
Tankewol Astrid!