(berjocht oernommen fan www.littenseradiel.nl)
Karbidsjitte mei de jierwikseling is yn ús gemeente noch hieltyd populêr. Yn de Algemene plaatselijke verordening (Apv) fan de gemeente is in ferbodsbepaling foar it karbidsjitten opnommen.
Foarskriften
De ferbodsbepaling hâldt yn dat der yn begjinsel net mei karbid sjitten wurde mei. Dit ferbod jildt lykwols net as der oan de folgjende foarskriften foldien wurdt:
- it karbidsjitten fynt plak bûten de beboude kom;
- it karbidsjitten fynt plak op 31 desimber fan 10.00 oere oant 1 jannewaris 2.00 oere;
- de te brûken molkbussen hawwe in maksimale ynhâld fan 50 liter;
- it frije skotsfjild is op syn minst 75 meter en iepenbiere diken of paden binne hjir net oanwêzich;
- de oanbelangjende lokaasje leit op in minimale ôfstân fan 50 meter fan oare wenbebouwing as jo sjogge nei it hiem fan de wenbebouwing wêr’t weisketten wurdt;
- der wurdt net sketten yn de rjochting fan wenbebouwing.
Dus, as der oan alle neamde foarskriften foldien wurdt, dan is karbidsjitten tastien. Jo moatte fansels wol tastimming hawwe fan de grûneigner. De foarskriften binne yn de Apv opnommen om der foar te soargjen dat it karbidsjitten op in feilige lokaasje plak fynt en sa min mooglik oerlêst jout foar de omwenjenden.
Hanthavenjen
As de plysje karbidsjitters trappearret dy’t harren net oan de foarskriften hâlde, dan sille sy strang hanthavenje. Dat betsjut dat it karbidsjitten daliks ophâlde moat. Der kinne sels boetes útdield wurde en/of guod yn beslach naam wurde. Troch de foarskriften strikt te folgjen kin dit foarkommen wurde!