Redmer Wiersma “keatser fan it jier ” 2016

Redmer Wiersma is woansdeitejûn op de jiergearkomst fan de KF Easterein útroppen ta “Keatser fan it jier” 2016. Hy krige de wikselbeker út hannen fan Imke van der Leest, Keatser fan it jier 2015. Redmer keatst it hiele jier al goed en wit syn patoer op in positieve manier troch de wedstriden te koachen. Hichtepunt fan Redmer Wiersma wie wol de finale op it NK pupillen tsjin Dronrijp yn Wommels mei syn maten Jelmer Brouwer en Rutger Sybesma. Helaas ferlearen se dizze partij mei 5-2 en 6-4

Fansels wa der ek oandacht bestege oan de oare priiswinners op de NK’s. Sa wie der in 5de priis op it NK by de manlju (Bauke, Jan en Dirk Yde), in 3de priis op it NK by de froulje (Martine, Imke en Marije) en in 3de priis fan Jan Schurer op PC.