Sneintemiddei 13 maart treed it yntertsjerklik gospelkoor Reach Out út Honselersdijk op yn de Martinitsjerke fan Easterein. Dit koor, besteande út san 32 leden, hat in spesjale bân mei koster Andre Vink en nam de útnoeging fan herte oan om hjir ris te sjongen. De tsjinst begjint om 15.00 oere en wurd organisearre troch de jongereinkommisje. It thema is “berikberens” en it wurd in tsjinst mei in protte sang en samensang. Elts is fan herte útnoege. De tagong is fergees.