RAUW foarôfgeand oan Greidhoek’ Festival

It Greidhoek’ Festival
fynt dit jier noch ien kear plak op it smûke Wommelser swimbadterrein. Sneon 7
septimber 2019 is de lêste kear… It tema is dan ek: Bob is dea, leve Bob!

Om de yntinsiteit fan it
fertriet wat te sprieden hat Bob dit jier ek op de jûn foarôfgeand oan de
plechtichheid in stikje programma: de dûnsfoarstelling RAUW fan DeDansDivisie.

FREED 6 SEPTIMBER: 

20:00-21:00 OERE, FESTIVALTERRIN:
DeDansDivisie – RAUW

Yn RAUW fertelt Marloes
Schreur út Ljouwert fanút eigen ûnderfining hoe’t it is om dyn leafste en beide
âlders misse te moatten en wer fierder te moatten mei it libben. De koreografy
is fan Marlien Seinstra, sy wie earder by Bob te sjen mei Dûnsgroep De Meisjes. 

Elmar Kuiper hat
meiwurke oan de teksten fan de foarstelling, ek hy is in goede bekende fan Bob.

KOFJE EN CAKE

De bewenners fan Nij
Stapert bakke foar dit ôfskie cake foar by de kofje. 

HOE KOM IK OAN IN KAART? 
Der binne mar 100 kaarten beskikber. Se wurde apart ferkocht en binne foar 5 euro te keap by JUMBO-Kooistra yn
Wommels
. Mochten jo net
geregeld by de Jumbo komme, stjoer dan even in mail nei info@greidhoekfestival.nl om te bestellen.

Mear lêze oer RAUW?