Qlassy en Wilhelmina by sneintejûnssjongen

qlassyDe sjongeressen fan Qlassy sjonge snein 27 april by it Sneintejûnssjongen yn de Martinitsjerke fan Easterein. Ek treedt Wilhelmina op, û.l.f. Pieter Bosma. Qlassy fersoarget de koarsang. De jûn begjint om 20.00 oere.

De besikers kinne rekkenje op in ôfwikseljend programma dat foar in part yn it teken stiet fan Keningsdei en de befrijing. Der is ûnder oaren gearsang fan ferneamde lieten mei as begelieder oan it oargel Balt de Vries.