Programma Keningsdei

SNEIN 26 APRIL 2015

16.30 oere:   De Kuiertocht

Dit jier oars as oars; wy begjinne tusken 16.30 – 17.30 oere mei ferskillende ôfstannen nammentlik 4, 6 of 10 kilometer. Jimme kinne sels kieze hokker ôfstân jimme kuierje wolle. Sawol de start as de finish is yn De Tsjerne. De ynlis is € 2,50. Bern ûnder de tsien jier kinne dielnimme ûnder begelieding fan in folwoeksene. Nei ôfrin fan de rintocht is eltsenien wolkom foar in hapke in drankje yn De Tsjerne. Ek asto net oan de kuiertocht mei dien hast. Mei elkoar liede wy dan de Keningsnacht yn. Allegearre fan herte wolkom!!!

MOANDEI 27 APRIL 2015

It korps stiet op ferskate plakken yn it doarp te spyljen.

 

09.30 oere:      Frijmerke

Opjaan is net nedich! De frijmerke duorret oant in oer as 12. Ek dit jier wer tusken de Skoalleseize en de klaaiboksen.

 

10.00 oere:      Keatsen yn ferskate klassen

De ynlis is € 3,-. Opjaan by Wiepkje Hiemstra foar freed 24 april 20.00 oere.  Till. 0515- 333880 as op opjefte@kfeasterein.nl Tink om it folgjende: as de opjefte fia de mail net befêstige wurdt, is de mail net oankommen en stean jim dus ek net op de list!

 

11.00 oere:      Klaverjassen yn de Skoalleseize

De ynlis is € 1,50. Yndividueel opjaan yn de Skoalleseize op Keningsdei sels.

 

13.30 oere:      Jeu de Boules

De ynlis is € 1,50. Opjaan by de klup sels as by de heer Ultsje Bouma, till. 0515-333975.

 

13.00 oere:      Spultsje foar groep 1 o/m 2; opjaan kin mei it antwurdstrookje dat de bern meikrigen hawwe op skoalle. We hawwe leuke spultsjes betocht foar de jongste jeugd. Sammelje yn de boarterstún fan ‘e Skoalleseize neist it ferieningsgebou.

13.30 oere:     Spultsje foar groep 3 o/m 8; opjaan kin mei it antwurdstrookje dat de bern meikrigen hawwe op skoalle. Foar dizze groep hawwe we in útgebreid parcours útsetten mei ferskate aktyve spultsjes mei it tema ‘Voetbalgolf’ troch it hiele doarp. Sammelje yn de boarterstún fan’e Skoalleseize neist it ferieningsgebou.         

                                                                             

Oant sjen op 26 en 27 april!

Groetnis Boudewijn, Ruurd, Abe-Jan, Vera, Feike, Gea, Marco, Jelte en Tineke

 

Deadebetinking 4 maaie 2015

De jierlikse deadebetinking foar de skoallebern út Easterein is dit jier op moandei 4 maaie.

Fanselssprekkend binne oare belangstellenden mear as wolkom! De betinking

begjint om 19.30 oere  yn de “Grifformearde tsjerke fan eartiids” oan de Wynserdyk.

De doar is iepen fan 19.15 oere ôf. Jo kinne lústerje nei oargelspul.

 

Oant 4 maaie, út namme fan CBS de Foareker, de Oranjeferiening en it  Kunstcentrum “In de kerk”