Start is túsken 18 en 19 oere fanút de Tsjerne. Dit kear in interaktyve kuiertocht rûnom Easterein. Ha jo in smartphone? Nim dizze dan efkes mei. Sûnder kin jo ek gewoan meirinne.
Tongersdei 27 april Keningsdei
09.00 oere: It korps stiet op ferskate plakken yn it doarp te spyljen.
09.30 oere: Frijmerke
Opjaan is net nedich! De frijmerke duorret oant in oer as 12.
09.45 oere: Jeugdkorps Wilhelmini’s
10.00 oere: Keatsen yn ferskate klassen
De ynlis is € 3,-. Opjaan by Romine Jelsma foar tiisdei 25 april 20.00 oere (opjefte@kfeasterein.nl)
11.00 oere: Klaverjassen yn de Skoalleseize
De ynlis is € 1,50. Yndividueel opjaan yn de Skoalleseize op Keningsdei sels.
13.00 oere: Spultsje foar groep 1 o/m 8
Opjaan kin mei it antwurdstrookje dat de bern meikrigen hawwe op skoalle.
Foar jimme hawwe we spultsjes troch it hiele doarp. Sammelje yn’e Skoalleseize.
13.30 oere: Jeu de Boules
De ynlis is € 1,50. Opjaan by de klup sels as by de heer Ultsje Bouma, till. 0515-333975.
De dei wurdt ôfsluten mei muzyk fan Sytse Haima yn ‘e Skoalleseize.