Priiswinners lotterij “Fuort mar los” bekend!

De toanielferieniging hie op de krystmerke in lotterij wer minsken ynskriuwe koene op in lotnûmer (1-100). De haadprijs wie 2 oere 2 frijwilligers (fan it bestjoer) dy ynset wurde kinne foar in sels te bepalen kluske.  Der waard goed ynskreaun en foardat de krystmerk goed en wol ôfrûn wie, wie de list al fol en hat de krystman de winners bekind makke:

1. Sietze Kooistra
2. Douwe Durk Reitsma
3. Rigt Bergsma
4. Henk Eringa
5. Auke Bruinsma
6. Tjeerd Dijkstra

De minsken wiene tige bliid mei de prizen. Wat wy ús fansels ek hiel goed foarstelle kinne!

Skriuw alfêst yn de aginda: 8, 14 en 15 maart útfiering
5 april útfiering jeugdtoaniel