Premjêre en primeur jongerein Fuort mar los!

LOGO JONGEREIN TOANIELOp sneontemiddei 22 maart ferkeapje de jeugdspilers fan Fuort mar los yn Easterein tagongskaartsjes foar harren toanielfoarstelling. In kaartsje kostet € 5, – foar folwoeksenen en € 2, 50 foar bern (oant 18 jier). Wolle jo in kaartsje foar de foarstelling? Dan soe it moai wêze as jo mei past jild betelje kinne!

De jeugd spilet it toanielstik Eelkje’s net te leauwen yllúzjenaasjes op sneon 5 april, om 19.30 yn Noflik Easterein. De seal is fanôf 19.00 iepen. Nei ôfrin is der disko foar de bern en gesellich neisitte foar folwoeksenen.