Praat mei oer iepenbier ferfier yn Easterein en omkriten

De provinsje Fryslân lit ynwenners yn trije regio’s yn Fryslân – ek yn Easterein – ûnder lieding fan in buro neitinke oer hokker oplossings de bêste oplossings binne foar de berikberens fan de doarpen. De takomst fan it iepenbier ferfier op it plattelân leit dus yn de hannen fan de ynwenners. Elisabeth Abels fan Itens is ien fan de ‘rayonhaden’ dy’t buro DBZ yn Midden-Fryslân helpt om safolle mooglik minsken te berikken om mei te dwaan. It projekt hat de namme BûtenGewoan Berikber.

Grutsk

“Ik bin der grutsk op dat ik yn in doarp wenje en fyn it moai om hjiroan mei te dwaan”, seit Elisabeth. “It is wichtich dat der sa folle mooglik minsken meitinke. Want sis no sels, wy witte hiel goed hoe’t ús doarpen berikber binne en wat in goede oplossing foar ús wêze soe. Miskien binne elektryske fytsen of in dielauto yn guon doarpen wol folle handiger as in bus dy’t troch ús doarp riidt. Of is der noch wat oars te betinken dat in noch folle bettere oplossing is. Dêr giet it hjir om, dat ús plattelân berikber bliuwt en dat dy berikbers miskien noch wol ferbettert neffens hoe’t it no giet. En dêr set ik my hiel graach foar yn.”

Net dreech om mei te dwaan

Mar dêrfoar is it wol nedich dat der in hiel soad minsken meitinke. “Wy wolle graach sa folle as mooglik minsken út dit gebiet der by belûke en dêr kinne wy en de rayonhaden fansels wol help by brûke”, seit Femke de Jong fan buro DBZ. Want wy kenne net elkenien yn elk doarp.” Dat meidwaan is yn dit gefal hielendal net sa dreech. It kin fia Facebook (butengewoanberikbermiddenfryslan), fia de website butengewoanberikber.nl en letter troch it ynfoljen fan in enkête of it meitinken yn in gearkomste.

120 km fytse mei posters

Der binne mear rayonhaden. Sa hat rayonhaad Evert Salverda fan Boalsert al 120 km fytst om 10 doarpen elk harren eigen poster te jaan. En makke opperrayonhaad Femke fan it buro al mear as 1.000 km troch it gebiet om minsken te sprekken en posters te bringen. Dy felgriene kleur moat sa stadichoan hieltyd bekender wurde yn it doarp. “Allinnich sa berikke we alle ynwenners en kinne we it ferhaal fan de ynwenners aanst goed oerbringe oan de provinsje”, seit Femke. De provinsje sjocht – foar’t der it busferfier wer op ‘en nij oanbestege wurde moat – wat de goede ideeën binne. Der is dan ek noch tiid om dy ideeën te testen. “En wa wit giet it dan fan 2022 ôf hielendal oars. En binne de doarpen yn ús gebiet goed berikber.”

Berikberens wichtich foar leefberens

Wêrom’t it sa wichtich is om mei te dwaan? Silvia Hania fan Easterein is as kommunikaasjeadviseur belutsen by it projekt en hat dêr wol in antwurd op. “Berikberens en leefberens steane hiel ticht by elkoar. Ik fyn it wichtich dat jonge minsken yn de doarpen wenje bliuwe, dat minsken út it doarp wei op harren wurk komme kinne, dat de skoallen berikber bliuwe, en gean sa mar troch. Dus: allegearre meidwaan en meitinke. Ek ast tinkst datst der gjin doel oer hast. Miskien bist dan krekt wol de perfekte persoan.”