Poiesz aksje

Dit jier binne der 2 ferienings ût Easterein ynlotte foar de jeugdsponseraktie fan Poiesz supermarkt. De gymnastiekferiening O.D.I. en de keatsferiening Easterein. Elke feriening dy’t meidocht oan dizze aksje kryt 500 passen welke se oan de man bringe moatte. Dizze passen ferfange de munten dy’t se foarhinne brûkten foar dizze aksje. At jo no boadskippen helje by ien as oare Poieszfestiging wurd de pas fan de feriening brûkt om de punten digitaal by te skriuwen. At der minsken binne dy  gjin Clubpas krigen ha mar wol sparje wolle foar de K.F. of O.D.I.dan kinne se in clubpas by de kasse freegje. Dit kin foar dizze beide ferienings allinich yn Skearnegoutum. Ek kinne de klanten koarting krije op hun boadskippen. De aksje duorret fan 3 febrewaris oant 30 maart.