Programma feesten sneon 29 juny

Sneon 29 juny It programma foan hjoed sjocht der sa út: 8.00 oere Lawaai optocht 8.30 oere Berne brea iten Fanôf 9.30 oere Matinee mei ‘Butterfly’
Foto’s en filmkes doarpsfeesten

Der ferskine hieltyd mear foto’s en filmkes fan de feesten op ynternet. Dit is wat wy fûn hawwe oant no ta. Hawwe jimme sels ek foto’s online stean? Of in filmke? Lit it ús efkes witte (info@easterein.nl), dan sette wy hjir in linkje del! It sirkus fan de Foareker (klik foar de link) Grease: […]
Programma feesten freed 28 juny

Freed 28 juny It programma fan de feesten sjocht der hjoed sa út: 9.00 oere Optocht 10.30 oere Brunch foar alle Eastereiners Fanôf 12.30 oere Spultsjes foar alle leeftiden Fanôf 20.30 oere Bûnte jûn mei ‘De Suskes’
Programma tongersdei 27 juny

Tongersdei 27 juny It programma fan de feesten sjocht der hjoed sa út± Oerdei Keatsen, follybal, klaverjassen, jeu de boules Fanôf 10.00 oere Sirkus foar de bern fan de legere skoalle Fanôf 16.00 oere Folkert de saksofonist/trompetist Fanôf 21.30 oere Muzyk fan ‘Alice Springs’
Eastereinder famkes winne skoalkeatsen

Het partuur fan de Eastereinder basisskoalle “de Foareker” hat hjoed it profinsiale skoalkeatskampioenskip yn Ljouwert wún. De trije froulje Selma de Boer, Mirjam Punter en Julia Paauw wisten yn de finale it buurdoarp Wommels te ferslaan mei 5-2 6-6. Wat is der moaier om dan werwerom te kommen wylst yn Easterein de feesten begjinne. Lokwinske […]
Boarterstunen: Marco en Gerrit, tige tank!

(berjocht fan doarpsbelang Hâld Faesje) Ofrûne jierren hawwe Marco Reijnhoudt en Gerrit Terpstra in sit hân yn de boarterstún-kommisje fan doarpsbelang. Sy soargen derfoar dat de 2 boarterstunen der altyd kreas byleine en de bern feilich boartsje koene. Marco en Gerrit hawwe no oanjûn dat se hjirmei ophâlde wolle. Mannen, tige tank foar al it […]
Feestprogramma fan woansdei

Woansdei 26 juny Het feestprogramma fan de Eastereinder feesten sjocht der foar hjoed sa út: 19.00 oere Optocht 21.30 oere Easterein Rocks
Kursussen Afûk seizoen 2013-2014

Kursussen Afûk seizoen 2013-2014 Takom kursusseizoen biedt Afûk wer in ferskaat oan kursussen foar Frysk- en net-Frysktaligen oan. Neist in fêst oanbod is it ek mooglik om in kursus yn it eigen doarp te organisearjen as op syn minst 10 minsken harren oanmelde foar deselde kursus. Dat soe dan bygelyks in koarte kursus LearmarFrysk(10 lessen), […]
Hy stiet!

De teller rint hurd werom nei noch nul dagen, nul oeren, nul minuten en nul sekonden…. De tariedings binne folop oan de gong. De tinte stiet al! Binne jimme der al klear foar? We starte woansdei 26 juny 2013 om 19.00 oere mei de optocht en dêrnei feeste mei Easterein Rocks. Oant woansdei!
Slagge

Michel Punter is slagge foar de opleiding autotechnikus. Lokwinske Michel!