Deelnemers taalonderzoek gezocht (Nederlands als moedertaal)

Amber Nota is promovenda aan de Rijksuniversiteit Groningen en doet daar onderzoek naar de gesproken taal in Fryslân. Ze is op zoek naar deelnemers die: tussen de 16-25 of 40-50 jaar oud zijn, die Nederlands als moedertaal spreken en geen Fries spreken (verstaan is geen probleem) die minimaal HAVO/HBO als opleidingsniveau hebben. De opnames kunnen bij u thuis […]
De Rockstieren en Las Bandidas op Rocknacht Easterein

De Rockstieren en Las Bandidas binne de twa bands dyt op 13 maaie optrede sille op Rocknacht Easterein. Rocknacht Easterein wurd no foar de 6de kear organisearre en is ea begûn as in soart fan ôfspraak fan de band Jitizer om nochris op de Wynserdyk lâns te kommen om in optreden te fersoarchje yn de skuorre. […]
Earste en léste ljipaai fan Littenseradiel is fûn

Op moandeitemoarn 08.10 is it earste ljipaai fan de gemeente Littenseradiel fûn. It aaike lei efter it tankstation by Hilaard en is fûn troch de 19 jierige Rindert Jansma út Deinum. Dit is ek it léste aaike fan Littenseradiel omdat de gemeente oergiet nei SWFryslân. De leden fan de fûgelwacht Easterein meie no allinich noch sykje yn […]
Sneintejûnssjongen 26 maart mei Wilhelmina, gelegenheidskoar en Balt de Vries op it oargel

Op sneintejûn 26 maart is der om 19.30 yn de Martinitsjerke fan Easterein wer in Sneintejûnssjongen. Meiwurkers binne: it gelegenheidskoar û.l.f. Sjoukje Heins, de fanfare “Wilhelmina” û.l.f. Pieter Bosma en oargelist Balt de Vries. “Wilhelmina”sil û. o. it konkoursstik “Le Champion de Tir” fan Rob Goorhuis hearre litte. Dit wurk sil it korps ek op […]
Vrijwilligers gezocht voor tabletcafé in Wommels

Het Senioren Platform Littenseradiel (SPL) gaat in samenwerking met Seniorweb Zuidwest Friesland, Bibliotheek Wommels en in overleg met de gemeente Littenseradiel een tabletcafé aanbieden. Eens in de twee weken op de maandagmiddag van 14.00 tot 15.00 uur zal dit tabletcafé in de bibliotheek open zijn. In een tabletcafé kunnen bezoekers kennis, tips en trucs met […]
Bandjûn by Noflik Easterein mei Boulevard

Sneontejûn 11 maart is het wér bandjûn by Noflik Easterein. Dit kear spillet de top 40 band Boulevard. De seal giet om 22.00 oere iepen. De foarferkeap is al begûn.
SDS docht mei oan sponsormuntenaksje Poiesz

SDS docht mei oan de sponsermuntenaksje by de Poiesz yn Skearnegoutum. SDS kin ekstra munten fertsjinje troch stimmen binnen te heljen. Eltse dei op ‘e nij. Jim kinne hjir stimme. It is yn 2 tellen klear en it docht net sear. Je kinne sels ek noch Poiesz-weardebonnen winne. Je kinne dus eltse dei stimme! En stim oars efkes mei it hiele […]
Wedstrydaginda KF Easterein bekend

De wedstrydaginda fan Keatsferiening Easterein is bekend. Hy is ferwurke yn de aginda hjir op de website en kinst hjir de folsleine aginda besjen.
Brége Wommels Hottingawei stremd

Fan tiisdei 14 maart oant tongersdei 16 maart is de wipbrége op de Hottingawei foar al it motorisearre ferkear stremd. Op 15 maart, de dei fan de ferkiezings, is de brége wol tagongklijk mar wurd it ferkear regele mei stopljochten. De omlieding wurd mei buorden oanjûn.
Ledengearkomste