Foto’s en ferslach keatskamp dei 2!
It ljocht skimere troch de ôfplakte rúten, de hotelgasten ûntwaakten út in djippe sliep en wienen klear foar it moarnsbrochje. Mar foar de skoaljeugd wie…
Kaetskamp KF Easterein

Juster is yn de kantine en op de fjilden fan de Skoalleseize it keatskamp foar de jongerein fan de KF Easterein losgongen. Tusken de buien troch nei bûten om de keatsen en te hossen op de muzyk fan Amigo en it duoane-spul te dwaan en ûnder de reinbuien lekker nei binnen ta yn Hotel Skoalleseize. Tiisdeitejûn 20.00 oere is de bûnte […]
Keatskamp Easterein fan start!
De flessen yn in big-bag Troch in Sweedsrinspul koenen de bern der efter komme wêr harren nije Keatskamp shirts fan dit jier ferstoppe wienen. Troch…
Stremming Skoallesetrjitte

De Skoallestrjitte yn Easterein (fan de Vrijburg ôf oant de Koaifinne) is stremd foar alle ferkear fan moandei 24 april oant en mei moandei 1 maaie 2017 yn ferbân mei werstraatwurksumheden. Omlieding Der wurdt gjin omliedingsrûte ynsteld, om’t it gjin rûte foar trochgeand ferkear is. Data ûnder foarbehâld De wurksumheden binne waargefoelich. It wurk […]
ledegearkomst GEKE op 10 maaie

Útnoeging ledegearkomste. Hjierby binne de leden fan GEKE útnoege foar de ledegearkomste op woansdei 10 maaie om 20:00 yn de skoalleseize. GEKE hat as doel it befoarderjen fan de leefberens en duorsumens yn Easterein. Troch oer te stappen op grien gas en elektrisiteit wurdt Easterein duorsumer. Foarich jier is besletten om in diel fan […]
Keatskamp op reis!

Op reis, dat is it tema dit jier foar it fjirde Keatskamp. De tariedingen binne foar it grutste part dien, wy binne der klear foar! Klear foar de trije dagen duorjende reis, mei de tsjek-in op moandei 24 april yn de Skoalleseize. Nei de kontrôle fan de dûane sille der allegear spultsjes, iten en trainingen […]
Keatskamp op reis!
Sneon 22 april Rispensmûne iepen

Kommende sneon 22 april sil tidens de 1ste Fryske mûnedei de flage by de Rispensmûne wapperje. Tusken 10.oo oere en 17.00 oere en miskien ek noch wol wat langer sil de mûne iepen wéze. Dizze mûne dy’t hast 196 jier âld is bemealle froeger de Rispenspolder. Yn 1994 is de mûne noch 125 meter nei it […]
Suksesfolle sútelaksje Fryske boek

It korps hat begjin april lans de doarren west. Dit kear net mei pippermintsjes, mar mei kroaden fol Fryske boeken! Dit hat de krante hjiroer opskriuwn. Allegearre tige tank foar jim keapjen, hopelik ha jo in protte plesier fan jo boek(en). It korps is tige bliid mei dizze opbringst.
Programma Keningsdei

Woansdei 26 april kuiertocht Start is túsken 18 en 19 oere fanút de Tsjerne. Dit kear in interaktyve kuiertocht rûnom Easterein. Ha jo in smartphone? Nim dizze dan efkes mei. Sûnder kin jo ek gewoan meirinne. Tongersdei 27 april Keningsdei 09.00 oere: It korps stiet op ferskate plakken yn it doarp te spyljen. 09.30 oere: […]