Ynternet is hjoed-de-dei net mear fuort te tinken út ús libben. En snel ynternet makket it allegearre noch makliker. Glêsfezel is dêrfoar in goed middel. Gewoan flugger ynternette, better televyzje sjen en goedkeap belje. It wurdt in protte brûkt troch bedriuwen, mar foar partikulieren is dat noch net sa maklik. Mar dêr kinne wy mei ús allen wat oan feroarje!
Hoe?
Skriuw dy yn op de site fan Friesland op Glas. As in protte Eastereiners har oanmelde, kin dizze organisaasje foar ús ûnderhannelje mei de oanbieders. Sa wurdt glêsfezelynternet ek beskikber foar ús. En dat betsjut dat wy foar ûngefear itselde jild as dat wy no betelje foar ynternet, telefoan en tillevyzje dat allegearre mei folle hegere snelheden krije. Gewoan dwaan dus! Ynskriuwing jout gjin ferplichtings.
Mear ynformaasje
Mear ynformaasje stiet op de site fan Friesland op Glas. Bygelyks ek in soad YouTube filmkes oer glêsfezel en glêsfezel yn Fryslân. Hast in fraach? Sjoch earst efkes oft de antwurden op de site fan Friesland op Glas steane by de meast stelde fragen. Is dat net it gefal, nim dan kontakt op mei Silvia Hania.