Oprop: nijs fan ferienings, bedriuwen of minsken út Easterein

Witte litte hoe’t de sporters fan de feriening it dien hawwe? In opropke dwaan foar ien of oar? In belangryk nijtsje fan dyn bedriuw? In bysûndere hobby? Falt jimme wat op ûnderweis?  Lit it ús witte fia info[apesturtsje]easterein.nl en wy pleatse it berjocht (meastal) op de website. It leafste in tekst mei in moaie foto der by, mar wy kinne ek del komme foar in ynterview.

Alle moannen krijt de website fan easterein.nl sa’n lytse 1.000 besikers. Ek hieltyd mear minsken skriuwe harre yn foar in wyklikse update fia de email. Sy krije dan op freed de lêste berjochten fan dy wike yn harren mailboks.

Dus: diel jimme ferhalen en help ús om Easterein.nl sa aktueel en nijsgjirrich mooglik te hâlden.