Op de ‘Easterein – fraach&oanbod&sa’ side fan Facebook wurdt troch de buertferiening: ‘It Trijehoekje’ (Sjaardaleane, Skoallestrjitte, Vrijburg en Andries Joustrastrjitte) in oprop dien om glêzen potten yn te leverjen. It idee is dat hja rûn de feestdagen yn ‘It trijehoekje’ dizze glêzen mei in waksineljochtsje by de foardoar sette om sa it krystgefoel te fergrutsjen.
De glêzen kinne ynlevere wurde bij Sjaardaleane 1 (W. Sjaarda) en bij Skoallestrjitte 50 (I. van der Leest). Dêr stiet in bak bij harren foardoar klear. Hoe grutter en heger de glêzen hoe better! As de bak der net mear stiet ha hja genôch. Buertferiening: ‘It Trijehoekje’ betanket jim alfêst foar jimme help!.
Hja dogge ek noch in oprop foar de rest fan Easterein: “Mochten jimme it leuk fine om dit idee troch te lûken? Dan graach!!”
Op Easterein – fraach&oanbod&sa wurdt hjir al troch guon strjitten enthousiast op reagearre!
Wurdt Easterein hielendal yn it ljocht setten? Ik bin benijd!