Oprop: coach socht foar Covos – dames 7

– ynstjoerd troch de froulju fan Covos dames 7 –

Goeie allegearre,

Wy as folleybalfroulju hawwe fanôf dit jier in splinternij team.  Mei nije froulju sûnder folleybaleftergrûn springe wy de kompetysje yn. We hoopje mei elkoar in team te foarmjen, wat goed op elkoar ynspylje kin.

covos-logoFoar de wedstriden binne wy op syk nei in coach, dy’t ús helpe kin mei us posysjes, beslúten tidens de wedstriden en wer we in soad fan leare meie. Fielst do dy oansprutsen???? Dan hearre wy dat graach!!!

Covos dames 7

Jo kinne kontakt opnimme mei ús oanfierster: Janna Reitsma fia email: jantjejohanna@hotmail.com as fia Facebook fan Janna Reitsma of Facebook van Lysbet Bakker in berjocht efterlitte.