Fan moandei 31 augustus ôf oant en mei sneon 5 septimber 2015, is de Van Sminialeane yn Wommels, fanôf de oansluting op nijbou Wommels Noard-East oant en mei Swingoerd, ôfsletten foar al it trochgeande ferkear, yn ferbân mei in rekonstruksje.
Omlieding
De omlieding sil mei buorden oanjûn wurde. Fytsers kinne gebrûk meitsjen bliuwe fan it frijlizzende fytspaad.