Opkear brège Wommels

Foar de Eastereinders dy’t troch Wommels nei de provinsjale dyk moatte nei bygelyks Boalsert as Lollum, hjir efkes de meidieling dat de brège fan Wommels opkeart is foar al it ferkear, sawol op de dyk as oer it wetter. De opkear is fan moandei 17 maart fanôf 06.00 oere oant tongersdei 20 maart 21.00 oere. Dit jild fansels ek foar de Boalserters as Lollummers dy”t nei Easterein moatte foar bygelyks  foljebal- as fuotbaltraining.