Op moandei 2, tiisdei 3 en woansdei 4 maaie organisearret de keatskampkommisje fan de keatsferiening Easterein de 3de edysje fan it tige gesellige keatskamp. Dit jier komme de bern yn de finzenis :)) en moatte se CEL-fies maitsje om bonuspunten te fertsjinje. De opjefte foar dit spektakel is oantenmei 6 april fia keatskamp@kfeasterein.nl . Noch mar 2 kraskes op de celmuorre dus. Ek de bern dy’t gjin strafbléd hawwe (gjin lid binne) binne fansels tige wolkom mar se moatte dan wol lid fan de KF wurde. Dit kin troch in mailtsje te stjoeren nei leden@kfeasterein.nl Mear oer it keatskamp kinne jim HJIR léze