Sneontejûn begjint yn Easterein san bytsje de feestwike. Fanof 19.00 oere oant 20.00 oere kin eltsenien him opjaan foar it keatsen, optocht, foljebal, klaverjasse en jeu de boule. Opjefte foar de spultsjes fan freed kin nei it matinee. Telefoaniske opjaan kin net. Hjirûnder noch efkes wat rjochtlynen fan de feestkomisje.
OPTOCHT: Rinnende nûmers, lytse en grutte weinen; foar de sjuery kinne jmme in koarte útlis op papier sette. It startjild krije jim op sneon 20 juny. It prizejild wurdt gelyk by de priisútrikking yn de tinte útbetelle.
(* Startjild: grutte weinen: € 75,- lytse weinen: € 35,- rinnende nûmers: € 10,-)
KEATSEN: Yn 6 klassen wêrûnder in jeugdkatagory fanôf de basisskoalle. Bern dy no yn groep 8 sitte meie meidwaan.
De ynlis is € 3,-.
FOLLYBAL: In ploech bestiet út 4 spilers. Opjaan per ploech. Yndividueel opjaan kin ek, mar meidwaan is dan ôfhinklik fan opjefte. Betink ek efkes in namme foar jimme team.
Ynlis: € 1,50/p.p.
KLAVERJASSEN: Yndividueel opjaan. Ynlis: €1,50.
JEU DE BOULES: Foar alle (folwoeksen) leafhawwers. Hjoed opjaan of oars fia de klup. Ynlis: € 1,50.