René Bosma fan Oosterwolde docht as hobby ûndersyk nei Amerikaanske militêren dy’t yn de twadde wrâldoarloch troch it Fryske ferset holpen binne. No is hy op syk nei immen dy’t wit oft Tjitze van’t Zet yn de oarloch op Easterein 264 wenne hat en oft dy noch bestiet, as dat adres of de oantsjutting al yn ús Easterein west hat. Tjitze hat koart in Amerikaanske vliegenier yn syn hûs ûnderdûke litten. Witst it antwurd of kinst op in oare wize René fierder helpe? Stjoer dan in mail nei de redaksje en wy stjoere de mail troch oan René.