Omrop Fryslân helpt Jongerein Toaniel

Schermafbeelding 2015-03-17 om 18.48.11Op 24 maart giet it jongerein toaniel fan Fuort mar los nei Omrop Fryslân om opnames te meitsjen. De jongerein út Easterein, Itens en Kûbaard sille filmkes meitsje dy’t brûkt wurde sille yn it toanielstik Bern Boppe. Der wurdt ûnder oaren in filmke makke fan in nijsútstjoering yn 2025 en in hiel opmerklik Skype-petear. Ek wurdt der in harkspul sêne opnommen. De jongerein is tige bliid dat hja gebrûk meitsje kinne fan de profesjonele opnamestudio fan Omrop Fryslân. Ek de ynset fan de meiwurkers fan Omrop Fryslân wurdt tige wurdearre.

It toanielstik Bern Boppe wurdt spile op sneon 4 april 2015 om 19.15 yn Noflik Easterein. De tagong is €2,50 foar bern en €5,00 foar folwoeksenen. De kassa is in heal oere foar de foarstelling iepen. Reservearje kin fia: baukje57dejong@hotmail.com.

Oant 4 april!