Justerjûn hat de brânwacht fan Wommels in regionale oefening hâlden yn de Tsjerne. Tidens it opromje fan de slangen rûkte ien fan de brânwachtmannen in gasgeur. Mei mjitapperatuur binne se op ûndersiik gongen. Sa kamen se der efter dat der yn de berm oan de Wynserdyk in gaslek siet. Mannen fan ennexis ha it gat wer tichtmakke.