Yn de serie simmeroargelkonserten op it prachtige Hardorffoargel yn de Martinitsjerke komt op tongersdei 10 juli Arjen Leistra nei Easterein. Arjen Leistra is as oarganist ferbûn oan de grutte tsjerke fan Schiedam. Leistra krig syn earste oargellessen fan Christiaan Ingelse en studjearre oargel en tsjerkemusiek yn Rotterdam en Den Haag en letter yn de lear te by Marie-Claire Alain yn Paris. It konsert begjint om 20.00 oere en de tagong is €5,00 (bern oant 12 jier fergees)