It wurd rêstich yn Easterein. It léger en foartset ûnderwiis hawwe de doarren al ticht. De earste minsken binne as gean op fekoansje. Komkommertiid foar de website’s. Dochs stean der noch wat leuke eveneminten op de aginda. Ien dérfan is it oargelkonsert kommende tongersdei fan de 87 jierrige Jan J van der Berg. Oant 1994 wie v/d Berg oarganist fan de nije tsjerke yn Delft. No is hy al in oantal jierren oarganist fan de Remonstrantse tsjerke yn Delft. It konsert begjint tongersdei om 20,00 oere