Oankommende snein: fikswedstryd Fûgelwacht

– ynstjoerd troch Fûgelwacht Easterein –

De Fûgelwacht Easterein organiseart twa fiskwedstriden op ien dei: ien foar bern en ien foar folwoeksenen. Ek net-leden meie meidwaan. It sil heve op snein 5 oktober 2014 fan 14.30 – 16.00 oere oan de Skippersbuorren.

Fiskwedstryd 2014 flyer bern

Foto: (c) Henk Bootsma

Der wurd fiske foar :

1. De measte fisk

2. De grutste fisk

En der binne hiele moai prizen te winnen !!

We ha al wat regeltsjes wer’t jimme om tinke moatte:

  • Der wurd mei 1 ANGEL fiske (sels meinimme)
  • Der mei NET op snoek as snoekbears fiske wurde
  • Bern SUNDER swimdiploma A/B doche mei ûnderbegelieding fan in folwuksene

 

Foarig jier giene de prizen nei Rutger Sybesma (de grutste) en Janneke Overal (de measte) by de bern en nei Geert Couperus (de grutste) en Klaas Kamstra (de measte). Wie o wie sille dit jier de prizen winne?

Neist it fiskjen is der ek romte foar in hapke en in drankje. De rikkerstûne is der ek wer by foar wat lekkere rikke zalmforel.

Groetnis fan de Fûgelwacht Easterein,

Jan Rinse, Gep, Martin, Jehannes en Gerard.