Noch gjin idee foar Valentijnsdei?

Kom dan op 13 febrewaris nei de toanielfoarstelling Romke + Jeltsje yn Noflik Easterein. It wurdt in foarstelling oer leafde en freonskip mei humor en romantyk.

Schermafbeelding 2016-01-28 om 17.28.14De foarstelling wurdt spile troch:  Elbrich Bouma, Geeske de Vries,  Hedwich Kooistra, Hiltje Jellema,  Janneke Overal, Klaske Vellinga, Machtelt Veldman, Mirjam Orsel, Senay Sixma, Siebo Boersma, Sydrik Kooistra en Welmoed Stegenga.

Nei ôfrin is der live muzyk fan TimeMaud!

De toanielfoarstelling begjint om 19:15 en de kassa is in heal oere foar oanfang iepen. De kaarten kostje € 6,00 foar folwoeksenen en € 3,00 foar bern oant 18 jier. Fan tefoaren kaarten reservearje wurdt oanret, want der binne mar in beheind oantal kaarten en op = op! Reservearje kin fia:  baukje57dejong@hotmail.com. Soenen jo efkes oanjaan wolle oft jo kaarten foar folwoeksenen en/as bern reservearje?

Lês de útnûging yn pdf.

Oant 13 febrewaris!

Jongerein toaniel Fuort mar los