Noch 1 kear: de útslach fan de SDS-ferlotting

– ynstjoerd troch SDS –

Ferline wike sneon wie mei de grutte SDS-feiling en –barbekjoe ek de SDS-ferlotting.
Úteinlik binne der 2362 lotten ferkocht troch alle SDS-leden.
Hjirút waarden de folgende winners lutsen troch boargemaster Liemburg:

Haadpriis: Sijtze Bouma út Wommels (€3000,-)!!
2e priis: Geertje Posthuma út Wommels (€1500,-)
3e priis: Henk Postma út Wommels (€500,-)
4e priis: T. Engelsma út Reahûs (SDS-trainingspak)
5e priis: Michiel Zuidema út Wommels (SDS-trainingspak)
6e priis: Geert Dijkstra út Winsum (SDS-tas)
7e priis: Enno Bruinsma út Easterein (SDS-hoodie)
8e priis: Hieke van der Ploeg út Easterein (SDS-sweater)
9e priis: S. Wiersma út Itens (SDS-sjaal)
10e priis: R.H. Altenburg út Reahûs (SDS-sjaal)

Der is ynmiddels kontakt opnaam mei de priiswinners.
It prizenjild is oermakke.
De winner fan de 2e priis, Geertje Posthuma, hat ús witte litten dat SDS de €1500,- hâlde mei!!
Dêr binne wy tige wiis mei!

Op nei de folgende grutte aksje!
Hâld dêrfoar goed de SDS-side yn de gaten!
www.vv-sds.nlSDSfeiling (9)