Op 30 novimber binne wij mei in grut part fan it bestjoer nei it gemeentehûs west foar it jierliks amtlik oerlis. We ha frege nei de ynrjochting fan Boomgaard 3. Dit giet net sa hurd en wachtsje oant alle grûn ferkocht is, is nei ús miening ek gjin optie. Ek ha we fragen steld oer it iepenbier ferfier yn ús doarp.
Doarpsbelang wol yn elts gefal hâlde wat der no is, ek al binne we dêr ek net tefreden oer. Doarpsbelang giet net yn op it foarstel fan de gemeente oangeande it grienunderhâld. We ha wol adviseert om as gemeente troch te gean mei it yn brûklien jaan fan gemeentegrûn. Fierder binne der noch wat oare dingen oan de oarder kommen. Ek ha we de aksjelist trochrûn en de rapportage klein leed is útdield.
Op 21 desimber hat B. en W. yn Easterein op besite west. Hjir hat under oare de ferkearsfeilichens fan de Sibadawei oan de oarder west. We ha in taljochting jûn op de nije doarpsfisyen we ha frege nei de gemeentlike heryndieling. Ek hjir wie it iepenbier ferfier in wichtich punt. Nei in doarpskuier en efkes neisitte kinne we weromsjen op in slagge middei. Wij hâlde jim op de hichte fan de resultaten fan de besites.
Op 11 jannewaris wie de earste doarpsfisy jûn. As bestjoer en wurkgroep wiene wij wol benijd: wat komt der op ôf en hoe giet sa’n jûn? Lokkich wiene der buten it bestjoer sa’n 22 minksen dy’t meitocht ha oer de Doarpsfisy. Eltsenien mocht op briefkes syn of har ideeen oer in tema oanjaan. Nei 7 rondes binne de briefkes op in fel papier plakt. Mei 2 stikkers koe it idee wat it measte oansprekt oanjûn wurde. Op 1 febrewaris prate wie de twadde jûn. Ynkoarten folget in ferslach op de site.