Op tongersdei 17 maart wie de kursusjûn fan de AED. Ynwenners dy’t op de lit stean fan frijwilligers en inkele oaren krigen útlis oer it apparaat. De jûn duorre net sa lang, mar it wie wol goed om wer efkes alles troch te nimmen en in demonstraasje te sjen.
Op sneon 19 maart wie de dei fan NL doet fan it Oranjefûns. It doarpsbelang hie har oanmelden mei de boartertún. It bestjoer en de speeltúnkommisje hat moarns drok dwaande west om alle spul skjin te meitsjen en op te knappen. It wie in gesellige moarn mei in prachtich resultaat! De speeltúnen krije noch nije tastellen, dit duorret noch efkes.
Op freed 15 april is der nei jierren werd in himmeldei. Yn gearwurking mei skoalle en in wurkgroep sille de bêrn mei frijwilligers jûns ôm healwei 7en der op ut om it doarp skjin te krijgen. Wolle jim meidwaan dan kin it oanmelden wurde bij understeand adres.
Op tiisdei 26 april is de jiergearkomste fan it Doarpsbelang yn de Skoalleseize . It is wat letter as oars en dit hat te krijen mei de nije doarpsfisy. Troch de wurkgroep wurdt hurd wurke om dizze sa fier te krijen dat we dizze fisy op 26 april presenteare kinne. Set de jûn alfêst yn de aginda!
Boekje “Easterein yn foto’s”
Yn 1977 is der in boekje útbrocht mei der yn allegearre âlde foto’s fan Easterein
Mei tank oan Drukkerij van der Eems ha wij noch in oantal boekjes bemachtigje kinnen. Ha jo ynteresse yn it boekje? Jo kinne it keapje op é frijmerk op Keninginnedei. Jo mei ek lans komme op Foarbuorren 5 (Tineke Meijer). It boekje mei foto’s fan Easterein kosten €4,95.
De opbringst giet nei it multifuksjoneel terrein Stittenserleane. We ha noch in finansjeel gat, dus alle ynkomsten binnen wolkom. Letter heare jim mear oer de aksjes dy’t wij tegearre mei de belútsen ferienings op tou sette sille.