– ynstjoerd troch de Sinteklaas-kommisje –
Hjir nijs fan de Sinteklaas-kommisje. It is noch mar oktober, mar wy binne alwer drok dwaande mei de tariedings foar de yntocht fan Sinteklaas. Op 23 novimber sil Sinteklaas nei Easterein komme. Hoe en wat bliuwt fansels noch efkes in ferrassing. Dêroer letter mear.
Mar om alfêst yn de stimming te kommen: op tiisdei 29 oktober komme we by de doarren del om spekulaasbrokken te ferkeapjen.
Dus set it op de kalinder:
29 oktober: ferkeap spekulaasbrokken
23 novimber: yntocht Sinteklaas
Groet,
Greet, Hitsje, Akke, Tineke, Hieke en Karin