Op 5 maart komt de wrâldferneamde Vlaamske eufonium blazer Glenn van Looy nei Easterein. Hy hat al op in soad grutte podia stien en kin straks Easterein ek yn dat rychje sette. Hy sil jûns as solist mei Wilhelmina optrede yn de Martinitsjerke. Moaie melodyske muzyk, mar ek stikken dêr’t syn firtuositeit goed yn te hearren wêze sil.
Foarôf is der middeis in masterclass foar eufonium- en baritonblazers yn de seal fan Noflik Easterein. Dan sil Glenn les jaan oan kollegamuzikanten en fertelle oer it blazen op sa’n ynstrumint. Dêr kinne Eufonium- en tubablazer fan hiel Fryslân har foar opjaan. In unike kâns fansels.
Wûn as priis
Oan dit hiel barren hinget in priiskaartsje wat net yn de begrutting fan Wilhelmina past. Mar wy ha dit as priis wûn op it konkours yn Drachten wer’t we yn april 2015 winnaar yn ús ôfdieling wurden binne. Wy wolle jim graach meigenietsje litte en jim dêrom fan herte útnoegje dit grutte barren mei te meitsjen meitsjen.
Dus oan’t sjen op 5 maart. In kaartsje kostet 5 euro. Kom net te let, want der is in soad flecht op ‘e koai.
Sneupskuorre
Op ús jiergearkomste krigen we fan Jelle Brouwer en Folkje Visser in slúfke mei 500,00. Dit wie de opbringst fan de ferkeap fan de Sneupskuorre fan 2015.
Wat in moai bedrach. O sa betanke derfoar.
Dit wie it dan wer foar dizze kear.
Mei in hertlike groet fan Wilhelmina.