Nijs fan Fuort mar Los

(oanlevere troch toanielferiening Fuort mar Los)

Hjir nijs fan de toanielferiening. Wol wat núver, sa yn de simmer. Mar der binne in oantal saken dy’t wy jimme meidiele wolle.

Lytse Doarpenrintocht

20 april wie de Lytse Doarpenrintocht. De start en finish wienen yn Easterein. De organisaasje fan dizze tocht hie de toanielferiening  frege om de frijwilligers te regeljen foar it parkearen, start, stimpelje, appels en tsiis útdiele, ensfh. Dêrneist hat Berend Santema foarôfgeande oan de tocht in moai ferhaal dien oer de skiednis fan Easterein. Hjir in lyts stikje út syn ferhaal:

‘Ik wol jim graach tige wolkom hjitte hjir yn Easterein. De pearel fan de greidhoeke. Jim rinne hjoed oer histoaryske grûn en ik hoopje dat jim der gjin blieren fan krije. Easterein betsjut letterlik op it ein yn ’t easten. Hjoed de dei in aparte namme om’t ek it easten frij paad jout om fierder te gean. Mar dat wie froeger dus net sa.

Minsken, jim binne hjir yn de âldste polder fan Nederlân. Easterein is it doarp dat lei oan de ein fan de Middelsee. Rûnom stienen Kleasters, en it binne dan ek de monniken west dy’t in grutte rol spile ha by it ynpolderjen. Se hienen harren eigen Deltaplan, en de Slachtedyk dy’t jim hjoed noch foar in part be-kuierje  is der ûnderdiel fan.

Mar no noch efkes oer it no. Easterein is in libben doarp mei krapoan 1000 ynwenners en in grut ferskaat oan ferienings- en sportaktiviteiten. De metropoalen Snits, Boalsert en Frjentsjer lizze ûnder hânberik, mar alle trije op foldwaande ôfstân. Jimme naderje alle trije, de 40 km komt sels efkes yn Boalsert, mar de fuotstappen bliuwe harren bewege yn de rûnte om Easterein hinne. Hâld de toer yn de gaten en it komt fansels klear. Ik winskje jimme in fantastyske tocht ta’.

Lâns dizze wei wolle wy graach alle frijwilligers betankje. Wat in geweldige ynset fan jimme, sa’n 50 frijwilligers. Prachtich hoe we dizze dei mei elkoar mooglik makke ha. Tige tank foar jimme help!!

toanielferiening fuort mar los

 

Nije regisseur en opjaan

Dan wat oars. It bestjoer hat foar it kommende seizoen in nije regisseur oannommen, Agatha Roozendaal út Itens. Sy sit kommend jier yn har eksamenjier fan de  regisseursoplieding en wol ús, folwoeksenen én jongerein, kommend jier regissearje.

Dus, wolsto kommend jier ûnder begelieding fan in deskundige regisseur toanielspylje? Jou dy dan op.

It is fansels net wis ast echt meispylje kinst, dat hinget ôf fan de opjefte, it stik en de kar fan de regisseur. Mar ast tinkst ‘dit is wat foar my’, jou dy dan op! En dan hearst yn augustus watsto de kommende winter op woansdei te jûns (ûnder foarbehâld) dwaan meist.

At spyljen dyn ding net is, mar ynstekken wol, jou dy dan ek op, want dat plakje is noch frij.

Foar opjefte en fierdere ynformaasje kinst terjochte by Karin Sjaarda, karinsjaarda@hetnet.nl as 0515-332094