De wurkgroep fan de wenfisy is drok dwaande. De wenfisy is in gearwurking tusken Elkien, de gemeente, buro Noordpeil, bewenners fan Easterein en doarpsbelang. We meitsje as doarp – ûnder begelieding fan buro Noordpeil – in byld fan wenjen yn Easterein foar de kommende 20 jier. It falt net altyd ta om sa fier foar út te sjen, mar it is wol tige nijsgjirrich. Op 28 novimber 2012 wolle we graach de earste resultaten mei it doarp beprate. Reservearje jimme de datum alfêst yn de aginda?
Op 1 desimber 2012 komt Sinteklaas wer nei Easterein. Om 13.30 oere komt er – in wike letter as oars – oan.
Fia Kern met Pit en it Oranjefûns kin jild oanfrege wurde foar stipe fan maatskiplike organisaasje. Doarpsbelang makket dêr wol ris gebrûk fan, mar ek oare ferienings en ek buertferienings út Easterein kinne dêr gebrûk fan meitsje. It Oranjefûns jout bygelyks alle jierren subsydzje foar in Burendag.
Op tiisdei 27 novimber 2012 komme Boargemaster en Wethâlders op besite by Doarpsbelang. We geane meastal dan ek wol in efkes in slach troch it doarp, miskien sjogge jimme ús rinnen.