It is no ein maart as ik dit skriuw en de maitiid al begûn. In soad minsken binne wer drok yn de tún oan de gong De beammen en strúken binne wer oan in snoeibeurt ta. De gemeente hellet is snoeihout op yn wike 17, oanmelde kin troch te beljen mei de gemeente of fia internet. Op de site fan de gemeente stiet in soad nijs, sjoch der mar ris op.
Wij binne op syk nei frijwilligers foar de Slachte op sneon 16 juny. Oanmelde kin fia de mail, it is altyd tige gesellich, dus ik soe sizze doch mei!
Op freed 27 april om 17.00 oere sil de iepening fan it MFT plakfine, eltsenien is wolkom.