Nijs fan de túnbouwferiening Easterein: griente foar it doarp

doarpstunIt seizoen om te siedzjen en te plantsjen is wer begongen en we rekkenje wer op in goede opbringst. Mar it komt ek wol foar dat der in soad griente tagelyk klear is.

No hiene we betocht: is der griente oer dit op in tafel te lizzen foar de Eastereinders dy’t wat farske griente fan de tún ha wolle.

Jimme kinne dit mei nimme foar in lytse fergoeding troch wat yn in potsje te dwaan, dit is foar de feriening. Jimme  kinne ek de túnkers oansprekke en freegje at der wat oer is, dan is it farsk fan de tún.

Miskien krije jimme hjirtroch ek sin om sels de griente te ferbouwen, skroom net en lit it hearre by it bestjoer of leden fan de túnbouwferining Easterein.

 

Sicco Scheltema (0515)331235

Halbe Overal hoveral@home.nl