– ynstjoerd troch de Sinteklazekommisje –
Hjir nijs fan de Sinteklaas-kommisje. It is noch mar oktober, mar wy binne alwer drok dwaande mei de tariedings foar de yntocht fan Sinteklaas.
Op 21 novimber sil Sinteklaas nei Easterein komme. Hoe en wat bliuwt fansels noch efkes in ferrassing. Dêroer yn de folgjende Doarpskrite mear.
Mar om alfêst yn de stimming te kommen: op woansdei 28 oktober komme we by de doarren del om spekulaasbrokken te ferkeapjen.
Dus set it op de kalinder:
28 oktober ferkeap spekulaasbrokken
21 novimber yntocht Sinteklaas
Groet,
Akke, Annemieke, Greet, Hieke, Talitha en Karin