Witte jimme it noch, it Sinteklaasfeest fan foarich jier? De discoboat fan Sinteklaas en it draai-oargel op de Skippersbuorren? En dat de swarte piten harren skuon kwyt wienen en op klompen rûnen? En dat we ûnderweis skuondoazen tsjin kamen mei mar 1 skoech? En dat de oare skuon yn in soppanne yn de keuken fan Noflik stie? En dat it korps sa fals spiele? Ûntank al dizze tsjinslaggen waard it in feest yn Noflik!! Hindrik en Kim, nochris tige tank!
En in feest wurdt it dit jier wer!! We meie Sinteklaas op 25 novimber wer ûntfange. Hoe en wat witte we noch net. Hjiroer letter mear.Mar om alfêst yn de stimming te kommen: Yn de wike fan 16-20 oktober komme we by de doarren del om spekulaasbrokken te ferkeapjen.
Dus set it op de kalinder:
16-20 oktober ferkeap spekulaasbrokken
25 novimber yntocht Sinteklaas
Groet,
Annemieke, Cisca, Lysbet, Hieke en Karin