It nijste útdielboekje fan Tomke is klear! Tidens de Nasjonale Foarlêsdagen (22 jannewaris oant en mei 1 febrewaris) wurdt dit boekje fergees útdield yn de biblioteken. It boekje hat as titel ‘Tomke is in sterke man’. Yn it boekje stiet in foarlêsferhaaltsje, in opsisferske en in spultsje. En fansels hiele moaie plaatsjes fan Tomke! It is bedoeld foar bern fan twa oant en mei fjouwer jier en is in útjefte yn it ramt fan it Tomke project. Wês der gau by, want op is op!
Net genôch oan de ferhaaltsjes út it boekje? Op de website www.tomke.nl stean ferhaaltsjes om foar te lêzen, mar ek spultsjes, ferskes en kleurplaten. Op de digitale radiostjoerder Tomke radio binnen jûns om bêdtiid hinne in oere lang noch meer ferhaaltjes oer Tomke te hearren.