Nije swellewand op it Skrok

De fûgelwachten fan Wommels en Easterein en Natuurmonumenten Easterein binne dwaande mei in ierdswellewand (Oeverzwaluw) by de puozze op it Skrok. De fergunning is yntusken rûn en de gunning is ôfjûn oan leanbedrieuw Miedema-Rispens.

Fanút de fûgelhut op Skrok is de muorre goed te sjen, jongerein sil we belûke mei edukaasjeaktiviteiten en de âlderein kin fanút de hut der fan genite. It leit yn de planning dat de muorre foar ein maart klear is