Al in skoftsje wie it paad op de Alddyk net mear sichtber en maklik begeanber. Earder al hie Doarpsbelang yn aksje west om it túch fuort te heljen, mar it bleau behelpen. Krekt ferlyn hat de gemeente – nei in fraach fan Doarpsbelang – de skulpen levere en op sneon 9 april binne dy troch frijwilligers (tank oan Leanbedriuw Okkema, Siemen Bouma en de frijwilligers!) te plak kommen. Wy winskje jim wer in soad kuierwille!
Deze slideshow vereist JavaScript.