Stichting de Skoalleseize mei begjinne mei de bou fan 2 ekstra klaaiboxen efter it haadfjild. Der is in grút ferlet fan ekstra klaairomtes benammen foar fuotbalferiening SDS. Foaral moarns by de pupillenwedstriden is it smoardrok yn de klaaiboksen en dertroch stean der betiden ploegjes fuotballers harren búten om te klaaien. Ek de groei fan damesfuotbal easket ekstra romte, op dat stuit kinne der fansels gjin maljuploegen yn de boksen. It oantal boksen groeit no nei 8