Nije klaaiboksen hast klear

De nije klaaiboksen op sportpark de Skoalleseize binne hast klear. Op fersyk fan de fuotbalferiening vv SDS hat de Skoalleseize op de “Bunninkside” 2013-07-23 13.30.142 krease klaaiboksen delsetten litten. Der wie al langere tiid ferlet fan de ekstra boksen by de hieltiid grutter wurdende fuotbalferiening. Benammen moarns by it pupillenfuotbal kaam it foar dat der bûten omklaaid wurde moast. De Skoalleseize hopet dat dat probleem no oplost is. It oantal klaaiboksen op it sportpark komt mei dizze 2 nije boksen op 8