Na ynspeksje troch de monumintenwacht Fryslân fan de tsjerke en de toer, kaam der oan it ljocht dat der grutte slitaazje ûntstien is oan de bingel en de klokken fan de Martinitsjerke. De slachfakken fan de lytse klok (1400 kilo) en de grutte klok (1700 kilo) wiene sa ynslyten dat yn plak fan de bingelbol, de stâl fan de bingel de klok rekke. De klokken ùt de toer helje is in ûnmooglike klus dus moasten de bingels ferfongen wurde. Dit is no bard en at je goed lùsterje kinne je hjeare dat se klearlûdich klinke.