Nei in jier foarsitterleas west te wêzen hat KF Easterein Dirk-Yde Sjaarda en Mattie Dijkstra-van de Meulen ree fûn om it foarsitterskip tegearre op harren te nimmen. Yn dizze konstruksje sil Dirk-Yde foarsitter wêze en Mattie fise-foarsitter. Sy sille fuortendaliks sit nimme yn it haadbestjoer. Sjoch foar mear ynformaasje op www.kfeasterein.nl