Nij bestjoerslid “Oranje en Heitelân”

Op de leuk besochte jiergearkomst fan de oranjeferiening Oranje en Heitelân, yn de Eastereiner folksmûle ek wol feestkommisje, is der bestjoerlik ôfskied nommen fan de ponghâlder Feike Jorritsma. Feike hie syn bestjoerlike periode fan 6 jier der op sitten. At der ien it bestoer ferlit dan moat der fansels ek in nij bestjoerslid bij. Fansels altiid wer tige moai dat der dan ek wer minsken te finen binne dyt wol in it bestjoer wolle. Klaas Galema wennet sûnt koart yn Easterein en is ree fûn om Feike syn taken binnen de oranjeferiening oer te nimmen. Feike, tige tank foar dyn ynset en Klaas, wolkom en in soad wille.