Op sneon 5 novimber nimt fanfare “Wilhelmina” ûnder lieding fan Pieter Bosma en it jeugdkorps de “Wilhelmini’s ûnder lieding fan Joke Krist jim mei yn in reis om de wrâld konsert. Dit neijierskonsert sil plakfine yn de Martinitsjerke en begjint om 19.30 oere. Korps Wilhelmina komt út yn de 2de devysje en sil yn july 2017 wér meidwaan oan it wrâld muziekkonkoers yn Kerkrade. Yn 2013 behelle se dér it vice-kampioenskip fanfare 2de devisje. Fansels besykje se om dit te ferbetterje. Yn 2016 is Wilhelmina op it ONFK 1ste wurden yn de 2de devysje mei 91.33 punten en dérmei ek Nederânsk kampioen. In fanfare om trots op te wézen en in reden om sneontejûn efkes nei dit prachtige konsert ta te gean. De tagong is fergees mar nei it konsert is der by de útgong in kollekte.